Keamerleden yn aksje foar berikberens haven Lauwerseach

22 okt 2015 - 10:53

VVD-keamerleden wolle aksje fan it regear om foar te kommen dat de haven fan Lauwerseach ferdwynt. Twa wiken lyn sloech in wurkgroep alarm oer de takomst fan de haven. Skippen dogge Lauwerseach net oan yn ferbân mei de minne berikberens.

De keamerleden Betty de Boer en Aukje de Vries fan de VVD hawwe hjiroer fragen steld oan minister Schultz van Haegen fan Ynfrastuktuer. Se wolle dúdlikens oer it op peil hâlden fan de fargeul troch it Westgat nei de haven fan Lauwerseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)