Fleanbasis Ljouwert set wer útein mei jûnsfleanen

22 okt 2015 - 10:44

Fan kommende moandei ôf start de fleanbasis Ljouwert wer mei it jûnsfleanen. Dit duorret oant en mei heal desimber. Meastentiids wurdt flein fan moandei oant en mei tongersdei. Yn twa wiken wurdt der allinnich flein op moandei- en tiisdeitejûn. Der wurdt oefene oant uterlik tolve oere jûns.

It jûnsfleanen is nedich om goed taret te wêzen op de situaasje by missys, bygelyks sa as op dit stuit yn it Midden-Easten. Dan is it neffens it Ministearje fan Definsje needsaaklik om te trainen yn it tsjuster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)