Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

22 okt 2015 - 09:35

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike.

Kofjekonsern Douwe Egberts sil op koarte termyn tsien sulveren dukaten werombetelje oan gritenij Haskerlân. Dat hat de direksje fan DE witte litten. Yn 1753 waard Douwe Egberts nei De Jouwer ta helle mei - sa't no bliken docht - ûnrjochtmjittige fêstigingssubsydzje.

Doe't destiids Egbert Douwes mei syn frou Akke Thyssens fan doel wie om Jiskenhuzen te ferlitten en yn in grutter plak in winkel yn koloniale waren op te setten, wie it grytman Schelte Hessel Roorda van Eysinga dy't der persoanlik foar soarge hat dat it echtpear De Jouwer útkeas as fêstigingsplak. Ut argiven blykt no dat de grytman dêrfoar tsien sulveren dukaten tasein hat oan Douwes. Douwe Egberts sil it bedrach sa gau mooglik weromstoarte op de rekkening fan gemeente De Fryske Marren.

De hûskeameroptredens fan Fryske muzikanten binne dizze wike stiif útferkocht. Mei seis taskôgers siet juster de húskeamer fan de famylje Reitsma grôtfol. De belangstelling wie sa grut dat der mooglik sels in twadde konsert folgje sil yn de oanleunwente. De organisaasje fan kommardel.nl hie yn it foar al rekkene op in útferkocht hûs, mar dat de tarin sa grut wêze soe hie nimmen tocht.

Binnen in kertier nei de bekendmakking fan it optreden fan Wiebe Kaspers wie der al gjin kaartsje mear te krijen. Der is noch besocht om de kapasiteit út te wreidzjen nei sân minsken, mar dat bliek net helber wegens de brânfeiligens yn de húskeamer.

Foppe de Haan wol maksimaal tolve jier ynterim-coach bliuwe by Sportklup Hearrenfean. Dat hat de trainer kenber makke oan de kluplieding. Allinnich as takomstich ynterim-foarsitter Riemer van der Velde ek langer bliuwt, sil De Haan oerwaagje om syn kontrakt nei tolve jier te ferlingen. Mei syn frou Geke wol De Haan fan in rêstige âlde dei genietsje en dêrom fynt er in termyn fan tolve jier wol it maksimum.

De Haan giet der net fanút dat It Hearrenfean nei 2027 noch in kear in berop op him dwaan sil. De reden dat Dwight Lodeweges opstappe moast, liket te lizzen yn it net goed foldwaan fan it 2-5 spulsysteem. Lodeweges wie sels ek al net tefreden oer it 2-5 systeem en wie fan doel dêrfan ôf te stappen, mar dy tiid is him net gund. De trainer seit dat er yn it foar wist dat it systeem risiko's meidrage soe, mar moast wat besykje om de ploech oan it baljen te krijen. Achterôf is neffens Lodeweges fêst te stellen dat it 2-5 spul net wurket. Foaral it fuortjaan fan fiif goals is lestich om letter wer yn te heljen. Lodeweges hie graach wer oerskeakelje wollen op in 2-0 of by need in 3-1 systeem, mar is dêr dus net mear oan ta kaam.

Ferkear. De plysje freget fia burgernet automobilisten yn de omjouwing fan Drachten om út te sjen nei in reade Peugeot 308 mei kenteken 15 KGP 6. De eigener fan de auto wurdt fertocht fan beteljen sûnder tanken. Ferskillende benzinepompen yn Drachten en omkriten hawwe lêst fan de man, dy't mooglik mei falske kentekenplaten wurket. Mooglik kin de man mei help fan oplettende boargers einlings fûn wurde en ferfolge foar beteljen sûnder tanken."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)