Hast alle skippen fan de Beurtfear binnen yn Warkum

22 okt 2015 - 07:38

De 42-ste edysje fan de Strontrace is noch hieltyd oan 'e gong. Winner 'De Verwisseling' kaam woansdeitemoarn al oer de finish yn de haven fan Warkum. Ek de oare njoggen skippen fan de Strontrace binne al oankaam. Mar fan de fyftjin dielnimmers oan de Beurtfear is der noch hieltyd ien skip net binnen. Dat is de Lutgerdina.

Dy wurdt yn de rin fan tongersdeitemoarn wer yn Warkum ferwachte. De earste kaam woansdeitejûn om kertier foar sânen binnen. Dat wie de Hendrika. Tongersdei moat der noch folop rekkene wurde om de winner te bepalen.

Trefwurden: 
Strontrace Warkum Beurtfear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)