Undertrochgong Om den Noort Wolvegea earder klear as tocht

21 okt 2015 - 21:43

De earste auto kin moandeitemoarn 16 novimber al troch de ûndertrochgong Om den Noort yn Wolvegea. Dat is earder as de bedoeling wie, om't it wurk flugger giet as earder tocht waard.

De oerwei Om den Noort wurdt oant heal desimber noch yn stân hâlden foar it fytsferkear. Dêrnei kinne de fytsers ek gebrûk meitsje fan de ûndertrochgong. Fierder sil der noch in lûdsskerm pleatst wurde. Maitiid takom jier moat alle wurk dan klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)