Achtkarspelen wol net fusearje

06 apr 2012 - 14:04

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel sykje de kommende tiid wol fierdere gearwurking, mar sille perfoarst gjin fúzje oangean. Dat seit waarnimmend boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen. De gemeenten kinne it finansjeel goed rêde, ek al omdat op amtlik nivo gearwurke wurdt.

Neffens Adema stipet de provinsje de koers fan de beide gemeenten. Skaalfergrutting yn de foarm fan in fúzje is yn Achtkarspelen foarearst net oan de oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)