Aksjegroep Snits wol âld-herberch út 1843 behâlde

21 okt 2015 - 20:30

Der wurdt aksje fierd yn Snits foar it behâld fan de eardere herberch út 1843, op de hoeke Leeuwarderweg/2de Oosterkade. It gebou is hielendal fertutearze. De gemeente wol de saak slope om romte te meitsjen foar in appartemintekompleks. Dat giet in groepke minsken, ûnder lieding fan keunstner Theo Jaasma, lykwols te fier. De aksjegroep sjocht leaver net in modern kompleks op dat plak en wol dat it gebou restaurearre wurdt.

De herberch hearde by de stedspoarte fan eartiids. As de poarte ticht wie, koene reizgers dy't te let wiene en net mear de stêd yn koene, yn de herberch sliepe. De gemeenteried sil der ynkoarten oer gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)