FIDEO: Húskeamerkonsert Wiebe Kaspers yn Fryske Top 100

21 okt 2015 - 20:15

It wurdt sa stadichoan hast tradysje: de húskeamerkonserten yn de Wike fan de Fryske Top 100. Ek dit jier pakke in oantal ferneamde Fryske muzikanten wer harren gitaar of drive-in lûdsynstallaasje, om by harren fans op de kofje te kommen. En fansels in aardige melody te spyljen. Woansdei wie it de beurt oan Wiebe Kaspers. De muzikant gie op besite yn Winaam, Easterbierrum en Frjentsjer.

Opjaan foar in húskeamerkonsert kin noch hieltyd fia kommardel.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)