Drylts krijt nagelnij houtbewurkingsmuseum

21 okt 2015 - 19:41

De komst fan in nij museum oer de houtbewurking en houthannel yn Drylts is in flinke stap tichteby. De stichting Museum Houtstad IJlst hat de finansiering foar it museum rûn. Ek is it ûntwerp fan it museum goedkard. It museum is in inisjatyf fan houtseachmûne De Rat, Museum Nooitgedacht, de Houten Bok en it mûne-ynformaasjesintrum. It moat komme tsjinoer de houtseachmûne, direkt oan de farrûte fan Snits nei de Hegemer Mar.

It gebou wurdt opboud út allegear houten kubussen. De stichting Houtstad IJlst wol graach ekstra besikers lûke nei de stêd. It besteande sjoch- en dochsintrum Nooitgedacht hat nei in suksesfolle start te meitsjen mei weromrinnende besikersoantallen. It museum wol ek wat dwaan oan de oplieding fan jonge houtbewurkers.

Der wurdt al mear as fiif jier praten oer de komst fan in houtmuseum yn Drylts. It liket derop dat dy der no lang om let komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)