Crone sprekt meilibjen út nei neibesteanden moardslachtoffer

21 okt 2015 - 12:38

It wie in grutte skok, sa seit boargemaster Ferd Crone woansdei oer de moard yn Ljouwert op in 68-jierrige frou. Hy die dit op de oankundige byienkomst foar de parse. Ek de plysje, Iepenbier Ministearje en de GGZ binne dêrby oanwêzich. Crone sprekt boppedat syn meilibjen út nei de slachtoffers en harren famylje.

De fertochte fan de moard oan de Alde Lune wie op 5 augustus frijkaam út in ynjochting. Der wie neffens de ynstânsjes gjin mooglikheid om dit tsjin te hâlden, al wiene alle partijen wol benaud foar de iepenbiere feilichheid.

Der hat doe wol fuortendaliks oerlis west oer tafersjoch, om de finger oan de pols te hâlden.

De gemeente, GGZ en OM ha in ûnôfhinklik ûndersyk oanfrege om nei te gean oft in partij wat ferkeard dien hat. Dit ûndersyk sil útfierd wurde troch de ynspeksje fan it Ministearje fan Justysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)