Live: Parsekonferinsje oer gewelddiedige ynsidinten Ljouwert

21 okt 2015 - 11:48

De gemeente Ljouwert, it Iepenbier Ministearje en de GGZ jouwe in parsekonferinsje oer de dea fan in 68-jierrige frou yn Ljouwert. It slachtoffer waard moandei deaslein mei in flesse. In 38-jierrige man is fertochte. Hy soe moandei ek noch in prostituee ferwûne ha en in oare frou waard oanfallen yn de Klanderij. De fertochte hat in gewelddiedich ferline en stie ûnder tafersjoch. 

De parsekonferinsje begjint om 12.00 oere. Ferslachjouwer Douwe Boersma folget de saak en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)