Moard Ljouwert wie foar te kommen seit eks-freondinne dieder

21 okt 2015 - 08:47

De 38-jierrige fertochte dy't moandei yn Ljouwert in 68-jierrige frou út de stêd fermoarde, hie nea frijkomme mochten. Dat sei syn eks-freondinne Esther Nagel tiisdeitejûn yn it televyzjeprogramma Pauw.

Neffens Nagel hiene ynsidinten as moandei foarkommen wurde kind. De man stie neffens har bekend as libbensgefaarlik en fertoande frjemd gedrach, lykas bûten op slippers rinne wylst it winter wie. Yntusken is it ûndersyk yn folle gong. It fytspaad dêr't it barde, is noch hieltyd ôfsletten

De gemeente Ljouwert, it Iepenbier Ministearje en GGZ prate de parse om 12.00 oere by oer de saak. Omrop Fryslân woe de byienkomst live útstjoere, mar dit wolle de gemeente en it Iepenbier Ministearje net. Se wolle frij út prate kinne. Wol wurdt der ferslach dien op radio en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)