Boargemaster Crone jout woansdei parsekonferinsje

20 okt 2015 - 20:50

Boargemaster Crone fan de gemeente Ljouwert jout woansdei om 12.00 oere in parsekonferinsje oer it gewelddiedige ynsidint wêrby't in frou omkaam. It 68-jierrige slacctoffer waard mei in flesse deaslein troch in 38-jierrige Ljouwert.

Der binne noch in soad saken ûndúdlik. Op basis fan de kennis fan de ferskate belutsen helporganisaasjes, lykas de plysje, justysje en de GGZ, moatte dizze fragen beantwurde wurde. Dan kin ek neigien wurde, hoe't it ynsidint barre koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)