Boargemaster Crone: Unôfhinklik ûndersyk nei fertochte

20 okt 2015 - 18:04

Boargemaster Crone fan Ljouwert seit dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de fertochte fan it gewelddiedige ynsidint moandei yn Ljouwert. Neffens Crone is de man yn augustus frijlitten en hat er dêrnei yn de dei- en nachtopfang fan it Leger des Heils yn Ljouwert wenne, dêr stie er ûnder tafersjoch. 

Neffens him moat it ûndersyk der komme omdat der noch in soad fragen binne. Crone seit ek dat wat him oanbelanget de man noait wer frijkomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)