FIDEO: Húskeamerkonsert fan Vangrail yn kader Fryske Top 100

20 okt 2015 - 17:44

It wurdt sa stadichoan hast tradysje: de húskeamerkonserten yn de Wike fan de Fryske Top 100. Ek dit jier pakke in oantal ferneamde Fryske muzikanten wer harren gitaar of drive-in lûdsynstallaasje, om by harren fans op de kofje te kommen. En fansels in aardige melody te spyljen. Tiisdei wie it de beurt oan Vangrail. De muzikanten gongen bygelyks op besite yn Droegeham, Bûtenpost en Feanwâlden.

Opjaan foar in húskeamerkonsert kin noch hieltyd fia kommardel.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)