Metalband Herder fan it poadium helle yn Hilversum

20 okt 2015 - 15:57

De Frysk-Grinzer metalband Herder is dit wykein fan it poadium helle yn De Vorstin yn Hilversum, om't se de lûd spilen. Yn it poppoadium jildt in maksimum lûdsnoarm fan 103 desibel, en neffens de organisaasje gong Herder dêr oer hinne. Om't de band wegere sêfter te spyljen, hat De Vorstin it optreden nei 22 minuten beëinige.

Herder wie yn Hilversum foar it metalfestival Krachtstroom.

Besjoch de reaksje fan Herder op Facebook hjirûnder.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)