Smellingerlân hat primeur mei ynteraktive wolstânskaart

20 okt 2015 - 15:47

De gemeente Smellingerlân lit tenei op syn webside sjen oan wat foar betingsten gebouwen en bygelyks reklamebuorden foldwaan moatte. De ynformaasje is bedoeld foar ûndernimmers, boubedriuwen en bygelyks arsjitekten. Dy kinne op in ynteraktive kaart it adres opsykje dêr't se wat fan plan binne. Dan kinne se sjen wat foar útstrieling in nije gebou ha moat, of oan wat foar easken in reklameboerd foldwaan moat.

Takom jier moatte alle gemeenten sa'n digitale kaart ha. Smellingerlân is de earste gemeente yn Fryslân dy't der al ien hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)