Nije jiskeweinen en konteners yn De Fryske Marren

20 okt 2015 - 13:11
Foto: De Fryske Marren

De gemeente De Fryske Marren skaft de kommende tiid foar 2,8 miljoen euro 50.000 nije minykonteners en seis nije jiskeweinen oan. Nei in Europeeske oanbestegingsproseduere meie trije Jouster bedriuwen it materieel leverje. Fan de nije jiskeweinen kinne fiif mei in robotearm oan de sydkant twa konteners tagelyk optille. De ynwenners moatte de konteners tenei op in oare wize delsette.

Yn 'e smelle strjitten op 'e Jouwer, yn Langwar en Sleat wurdt no gebrûk makke fan in achterlader, wêrby't meiwurkers de konteners ynheakje en omkipe.

Trefwurden: 
Nije jiskeweinen yn DFM
(advertinsje)
(advertinsje)