''Fraude troch direkteur fersekerder De Noorderlinge''

20 okt 2015 - 06:13

De direksjefoarsitter fan fersekerder De Noorderlinge yn Ljouwert hat 500.000 euro fertsjustere. Meiwurkers fan it bedriuw hawwe de fraude ûntdutsen en binne nei de ried fan kommissarissen stapt. Dy hat de saak offisjeel ûndersykje litten. De direkteur is yn ôfwachting fan it ûntslach op non-aktyf steld.

De Noorderlinge hat oanjefte dien by de plysje en melding dien by De Nederlandsche Bank en de Autoriteit Financiële Markten.

Neffens in wurdfierder fan it bedriuw wize de earste sinjalen út de klantekring derop dat de kwestje gjin gefolgen hat foar it fertrouwen dat minsken yn it bedriuw hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)