Grutte wurksumheden oan A7 fan start

19 okt 2015 - 20:45

Ferkear op de A7 tusken It Hearrenfean en De Tynje moat de kommende trije wike rekken hâlde mei fertraging. Oer in lingte fan njoggen kilometer wurdt it besteande asfalt fuorthelle en ferfongen troch ZOAB. It iepen asfaltbeton absorbearret wetter better en soarget foar minder lûdsoerlêst. De wurksumheden oan de drokke autodyk wurde benammen jûns en nachts útfierd. Yn beide rjochtings is dan mar ien rydstrook beskikber.

It grutskalich ûnderhâldswurk oan de A7 tusken It Hearrenfean en De Tynje soe fan 't simmer al útfierd wurde, mar waard ferskood fanwege technyske problemen.

Trefwurden: 
A7 dykwurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)