Frou om it libben brocht oan de Alde Lune yn Ljouwert

19 okt 2015 - 18:22

Oan de Alde Lune yn Ljouwert is moandeitemiddei in frou om it libben brocht. De frou is troch in man mei in flesse op 'e holle slein. De helptsjinsten waarden oproppen, mar dy koene har net mear rêde.

De fertochte melde him nei it ynsidint op it plysjeburo. Dêr bekende er ek ferantwurdlik te wêzen foar in stekynsidint earder op de middei op De Weaze yn Ljouwert. De man soe dêr in frou delstutsen hawwe. It slachtoffer fan de stekpartij is oerbrocht nei it sikehûs. It is net krekt dúdlik hoe't it mei har is.

Foar safier bekend is der gjin relaasje tusken beide slachtoffers. Meardere boarnen melde Omrop Fryslân dat de man in eks-TBS'er is, mar de plysje kin dit net befestigje. It fytspaad is noch hieltyd ôfsletten fanwege technysk ûndersyk troch de plysje.

Trefwurden: 
moard plysje Alde Lune Udo D.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)