Mear as 500 bern op Mega Sportdei It Hearrenfean

19 okt 2015 - 13:55

Goed 550 bern binne op de Mega Sportdei op It Hearrenfean ôfkaam. De dei is organisearre troch Sportstêd Hearrenfean. It doel is om bern kennis meitsje te litten mei ferskate sporten, lykas basketbal, wetterpolo, hockey en keatsen. Neffens organisator Wieberen Dijkstra is de sportdei benammen geskikt foar bern dy't noch net eksakt witte hokker sport goed by harren past.

De sporten wurde oanbean troch in tweintichtal sportferienings út de gemeente It Hearrenfean. De Mega Sportdei duorret noch oant en mei 15:30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)