Ljouwerter foar de sânde kear pakt sûnder rydbewiis

19 okt 2015 - 12:23

In 33-jierrige Ljouwerter automobilist is sneintenacht oanhâlden nei't er foar de sânde kear eftermekoar troch de plysje oan de kant setten waard. De man siet sûnder rydbewiis achter it stjoer. De auto fan de man wie boppedat net fersekere en hie gjin APK.

De plysje hat de auto dêr't de Ljouwerter yn ried yn beslach naam. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)