Grinzer mishannelet twa manlju yn Snits

19 okt 2015 - 11:07

De 21-jierrige man út Grins dy't sneon oanhâlden waard yn Snits foar it mishanneljen fan in 19-jierrige Snitser, hat noch in slachtoffer makke. Neffens de plysje binne beide slachtoffers bot mishannele en rekken derby ferwûne. De Grinzer is oanhâlden, mar de plysje siket noch tsjûgen.

De 19-jierrige Snitser waard sels ek oanhâlden nei't hy út frustraasje oer de mishanneling it rút fan de plysje-auto fernielde.

Trefwurden: 
mishanneling Snits plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)