Plysje betrapet drankrydster mei bern yn de auto

19 okt 2015 - 08:08

In 44-jierrige frou út it Grinzer Marum is sneintemiddei by Bakkefean oanhâlden om't se mei drank op achter it stjoer siet. De frou siet net allinnich yn de auto, ek har twajierrich berntsje siet yn de auto. Se krijt dêrom net allinnich in boete, mar der is ek melding dien by it buro Jeugdsoarch.

De plysje koe de frou oanhâlde nei in melding fan in tsjûge, dy't seach dat de frou mei drank op achter it stjoer siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)