UNIS Flyers koprinner nei maklike oerwinning

19 okt 2015 - 08:01

UNIS Flyers is nei de winst yn Tilburg tsjin it takomstteam fan de Trappers koprinner yn pûl A fan de BeNe-league. De Feanstyer iishockeyers wûnen sneintejûn mei 6-2. Ronald Wurm wie mei fjouwer treffers op dreef. Sneon spilet de ploech fan coach Mike Nason foar de earste kear wer op it eigen iis fan Thialf. Luik is dan de tsjinstanner.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)