Frânsk hynder wint Grand Prix de L'Uet yn Wolvegea

18 okt 2015 - 20:12

De Grand Prix de L'Uet yn Wolvegea is snein wûn troch it hynder Bold Eagle mei dêrop de Frânske pikeur Franc Nivard. Pikeur Robin Bakker fan Blauhús waard mei it Sweedske hynder Errol Boko tsiende fan de tolve hynders. Der kamen sa'n 4.500 taskôgers nei de hynsteraces op it Victoriapark yn Wolvegea. Dat is in rekôr. Nea earder yn 'e histoarje kamen der safolle minsken nei de wedstriden op 'e drafbaan yn Wolvegea.

Der lei foar de winner leafst 175.000 euro klear. Bold Eagle wie op foarhân de grutte favoryt en makke dy ferwachtings dus wier.

Bold Eagle finishte yn in baanrekôr fan 1 minút en 12 sekonden. Neffens Ralf Dekker, manager fan it Victoriapark, is Bold Eagle de 'Messi fan de hynstesport'. Dekker hopet yn de kommende jierren mear grutte koersen nei Wolvegea te heljen.

Moandei yn Hjoed in reportaazje oer de Grand Prix de L'Uet op it Victoriapark yn Wolvegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)