Follybalfroulju Snits begjinne seizoen mei winst

18 okt 2015 - 17:53

De follybalfroulju fan Snits binne it nije seizoen útein set mei in 3-1 oerwinning op Zwolle. Yn eigen hal lutsen de froulju fan trainster Petra Groenland yn de earste set krekt oan de koartste ein en ferlearen mei 23-25. De twadde set waard mei 25-15 in ienfâldige proai foar Snits.

Yn de tredde set wie it in stik spannender, mar op 'e nij waard de setwinst pakt mei 25-23. De beslissende fjirde set waard dêrnei ienfâldich mei 25-16 wûn. In wike lyn wûn regearend lânskampioen Snits de supercup.

Trefwurden: 
follybal froulju Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)