Tomkeradio lansearre op Fryske berneboekedei

18 okt 2015 - 13:42

De nije stjoerder Tomkeradio is fan no ôf te beharkjen op ynternet. It lytse mantsje hat nei boeken en in televyzjeprogramma no ek in eigen radiostjoerder. Op de stjoerder binne ferskes en ferhaaltsjes te finen dy't passe by de tiid fan de dei. Om bêdtiid hinne binne in oere lang ferhaaltsjes te hearren. It is bedoeld foar bern fan 2 oant 7 jier.

Tomkeradio is snein lansearre by de berneboekedei yn Terherne.

De berneradio is 24 oeren deis online te beharkjen fia www.tomkeradio.frl of de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)