Juwelier op 'e Lemmer bestellen mei babbeltrúk

18 okt 2015 - 12:35

By in juwelierswinkel oan it Boargemaster Krijgerplein op 'e Lemmer binne sneontemiddei gouden kettings en earmbannen stellen. Trije manlju mei neffens de plysje in Turksk uterlik kamen yn de winkel en toanden ynteresse yn ferskate sieraden. Nei't it trijetal de juwelierswinkel ferliet om jild te heljen, die bliken dat it guod mei in wearde fan seistûzen euro miste.

Fia Burgernet kamen tal fan tips binnen, mar de manlju binne net mear sjoen. De plysje sil mei help fan kamerabylden besykje de dieders op te spoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)