Auto yn wetter op It Hearrenfean; bestjoerder net ferwûne

18 okt 2015 - 10:29

Op It Hearrenfean is sneintemoarn in auto yn it wetter telâne kaam. De auto ried yn in flauwe bocht by de Mercurius rjochtút en kaam midden yn it wetter telâne. De helptsjinsten waarden om acht oere hinne oproppen. Ek de traumahelikopter waard oproppen, mar dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen. De bestjoerder, dy't allinnich yn de auto siet, wie net ferwûne. De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)