Aris flink ûnderút by Leiden

17 okt 2015 - 22:11

De basketballers fan Aris koene it sneontejûn lang net oprêde tsjin Leiden. Healwei de wedstriid stie it al 49-30 foar thúsploech Leiden. It ferskil waard yn it tredde kwart (24-10) noch folle grutter. It lêste kwart wie mei 20-18 foar de Ljouwerters. Einstân 91-60. Javier Duren wie mei 17 punten de tûkste Aris-spiler.

Trefwurden: 
basketbak Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)