Kelderlûk fan ûnderdûkplak ynbrocht op ynleverdei

17 okt 2015 - 16:50

Op de ynleverdei foar guod út de Twadde Wrâldoarloch is sneon opmerklik guod binnenbrocht. Lykas in lûk fan in kelder fan in hûs yn Murns dêr't Joaden ûnderdûkt sitten hawwe. Ek is in foto binnenkaam fan twa bruorren dêr't iene in fersetsstrider fan wie en de oare in lânsferrieder.

De ynleverdei wie net drok besocht. Neffens de organisaasje is it faak net drok op de ynleverdei yn oktober. De ynleverdei yn maaie is altiten folle drokker om't de dei foar 4 en 5 maaie organisearre wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)