Mear wanbetellers by soarchfersekerder De Friesland

17 okt 2015 - 15:28

It oantal minsken yn Fryslân dat de preemje foar de soarchfersekering net betellet is ein 2014 mei sa'n 45 prosint tanaam. De Friesland hat op dit stuit sels sa'n 10.000 wanbetellers. By De Friesland giet it benammen om jonge minsken en allinnesteande âlden dy't net op 'e tiid betelje.

De soarchfersekerder sil meikoarten in aksje hâlde. Minsken wurde belle en dan wurdt besocht om in betellingsregeling ôf te praten. In wanbeteller is ien dy't fersekere is foar syktekosten, mar al seis moannen gjin preemje betelle hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)