Grinzer miicht yn Snitser plysjesel

17 okt 2015 - 15:10

In 36-jierrige Grinzer hat freedtenacht syn sel yn it Snitser plysjeburo ûnder miigd. De man wie krekt der foar yn it sintrum fan Snits oanhâlden nei't hy de plysjes by in alkoholkontrôle misledige en bedrige. De man waard oan de kant set, mar wegere mei te dwaan oan in blaastest. Doe hy útnaaie woe, waard hy oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
plysje Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)