Doarpen socht foar nije carpoolservice

17 okt 2015 - 11:14

Foar doarpsbewenners sûnder auto komt mooglik in carpoolservice sadat se gebrûk meitsje kinne fan foarsjennings yn de stêd. It inisjatyf komt fan it bedriuw Samobiel út Utrecht dat mei in pilot foar de carpoolservice komt. Samobiel siket noch fjouwer Fryske doarpen dy't meidwaan wolle.

De provinsje stipet it inisjatyf dat al mei súkses yn Sweden tapast wurdt. Oft idee slagget, hinget ôf fan de mienskipssin yn in doarp. Samobiel siket by foarkar doarpen tusken de 1.000 en 5.000 ynwenners.

Dielnimmers kinne har oanmelde op de webside om te sjen oft ien út it doarp deselde kant op moat. Ek de betellingen geane fia de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)