Fernieler yn Snits oanhâlden

17 okt 2015 - 10:46
Foto: ANP XTRA

De plysje yn Snits hat freedtenacht in 18-jierrige jonge oanhâlden dy't op de Alde Komerke in rút fernield hie. De plysje kaam de fernieler op it spoar mei help fan in tsjûge. De plysje hat ek in 17-jierrich famke nei hûs brocht, dat fierstente folle drank op hie. De plysje fûn it famke op strjitte.

Trefwurden: 
Snits plysje
(advertinsje)
(advertinsje)