Kollum: "Sân"

17 okt 2015 - 10:35

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op sneon de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

“Moandei om in oere as ien ropt de âlde seeman Reid ynienen “en sodemieter nu maar op”. Dan fleane in tweintichtal skûtsjeskippers de seal fan kafee Séburch op de haven fan Warkum út. Yn oare jierren is der dan folsleine gaos. De skippen, dy’t mei keunstmjittige stront nei Warmond farre sille ûnder dy geweldige namme Strontrace, wurde troch de omstanners op’e dyk nei bûten skuord. Allegear troch elkoar hinne, allegear roppend en razend. Want we ha meast súdwestewyn en de skippers kinne dan it Soal, it wetter fan de haven fan Warkum nei de Iselmar, net oplavearje. Moai spektakel.

Moandei giet it oars. Der is dan in sêft wyntsje út it noardeasten. Dan is it foar de skippers saak om sa gau mooglik los te smiten, mei bomen it saakje wat rjocht hâlde en oan de liere draait ien him hielendal stikken om seil en fok omheech te krijen.

Ik foarsis al in pear oanfarringen, want elke haal dat it seil heger komt, krijt it skip mear gong. Mar it waait net hurd, en in skamperke hinderet neat. Foar de skûtsjes binne de lytse fiskersskipkes al fuortgien, en dêrnei komme ek noch de klippers en tsjalken mei de bobo’s en oare beteljenden nei Amsterdam. Alles komt werom yn de rin fan de feestwike yn Warkum, dit wykein al begûn mei rûnom muzyk. Ik wie justerjûn efkes by Liereliet yn it Jopie Huisman museum, hiel gesellich.

Der is lykwols ien probleem. As de skûtsjes moandei it Soal útfarre en oan de Iselmar ta binne, kinne se net deun om it bochtsje knipe rjochting Lelystêd. Want woansdei gean se allegear werom oer Amsterdam en dan yn dy flinke súdwester moai foar de wyn. Mar moandei net knipe. Op it hoekje stiet gjin wetter. De Strontrace-skûtsjes stekke sa’n fjirtich, fyftich sintimeter, se komme absolút fêst te lizzen as se te ticht om it hoekje wolle.

De ûndernimmers yn Warkum seine fan 'e wike dat se mear grutte jachten oan de nije lisplakken yn it sintrum ha wolle. Mar dy moatte troch it Soal. En de geul yn it Soal is oan de smelle kant, baggerje is djoer. Boppedat rint dy geul hieltyd wer fol sân, de 2.80 dy’t der no op stiet, wurdt wierskynlik net mear helle. Der wurdt te min baggere, hoewol't de skippen fan Zijsling klear lizze oan it Soal. It sân komt fan de Iselmar. Dat is de skuld fan de Ofslútdyk. Nei 1932 is der hiel wat feroare, mar it is no al jierren it selde. Of it soe wêze moatte dat no’t je mear wetter yn de Iselmar tropje dat it dêrtroch hurder giet. Mar der is altyd baggere".

Foar it lêst yn 2011. It sân is op in sânbank yn de Iselmar kwakt, en koe dan moai útstreame yn de Warkumerwaard. Natoersân. Mar it komt ek altyd werom yn it Soal. No wolle dy ûndernimmers in nije pier oanlizze litte, dy’t as in soarte fan sânkearing tsjinnet. Kosten wit ik net, mar dat kinne se sa oan Durk de Boer freegje. Mar dy fertsjinje je wierskynlik wol werom as je der in patattinte delsette en wat stuoltsjes sadat de lju by moai waar tinke dat se yn de Kariben sitte. En it is fansels ek moai dan nei de start fan de Strontrace te sjen.

Daliks kaam lûd út Hylpen. Dy wolle soks ek, want dy ha der noch folle mear lêst fan, inkel it eintsje is koarter. En de polityk, al kjel wurden fan de bedraggen oan efterstallich ûnderhâld oan spoarwegen, diken en farwegen, kear har skriemend om en prate net mei. Mar se liezen freedtemoarn in ynstjoerd stikje fan Jehannes Schotanus yn de Ljouwerter Krante. Jehannes hat sis mar syn libben lang mei syn kraanskipke Warkum frij makke fan it wylde Iselmarsân. Hy hie letter in sânsûgerke, safolle sân wie der. En hy seit no: in nije pier lost neat op. It ferpleatst it probleem inkel mar. Sa is it. Lit de natoer de natoer, en wolle je dat skippen earne komme, hâldt it dan mei baggerjen op peil, dat dogge we ek al ieuwen sa. Dat hjit wurkgelegenheid. En moandei stean we allegear te jûchheien as der in skûtsje fêstrint op it hoekje.  

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side "https://eelkesweblok.wordpress.com/

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)