Waadferiening krijt fûgelhutte Holwert fan Steatsboskbehear

16 okt 2015 - 22:32

Steatsboskbehear skinkt de noch te bouwen fûgelhutte op de kwelder by Holwert oan de Waadferiening, om te fieren dat de Waadferiening sneon presys 50 jier bestiet. De hutte moat in Waadbeleefpunt wurde. Der is op de fêste wâl gjin inkeld plak dêr't besikers tichteby it Waadlibben komme kinne, as yn de nije hutte. Ein 2016 moat de hutte klear wêze.

Steatsboskbehear wurket hieltiid mear gear mei de Waadferiening. Boskwachters en behearders binne bot te sprekken oer de no-nonsensmentaliteit fan de organisaasje.

Se ha in makette fan de hutte symboalysk oanbean oan de Waadferiening by it sympoasium Wiis mei de Waadsee, dat yn Holwert hâlden waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)