Fryske jeugdfilm Ingeltsjes yn premjêre yn Easterwierrum

16 okt 2015 - 17:21

Yn it doarpshûs fan Easterwierrum giet freedtejûn de koarte Frysktalige jeugdfilm Ingeltsjes yn premjêre. De film is makke troch jongerein fan 14 oant 18 jier âld, mei help fan de toanielferiening. Ek doarpsbewenners ha meiholpen, ûnder oare troch huzen en auto's beskikber te stellen.

Yn totaal is der hast in jier oan de film wurke, en dat wurdt freedtejûn fierd. De reade loper sil útlizze, en de filmmakkers komme yn in rôze limûsine oan by de premjêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)