Jordy Buijs mooglik tsjin Feyenoord yn basis

16 okt 2015 - 13:54

Jordy Buijs makket nei alle gedachten tsjin Feyenoord syn rentree by SC Hearrenfean. De ferdigener wie alve moannen út de rûlaasje mei in swiere knibbelblessuere. Sels seit Buijs dat hy fit genôch is om te spyljen. "Dat is na elf maanden ploeteren natuurlijk een heel mooi moment". Trainer Dwight Lodeweges is noch foarsichtich: "Ik wacht eerst groen licht van de medische staf af, pas dan neem ik een beslissing".

Mitchell te Vrede is skorst en dat is de reden dat Henk Veerman yn de punt fan de oanfal stiet.

Hearrenfean hat in drege seizoenstart mei mar ien oerwinning út acht wedstriden. De ploech hat sân punten. Feyenoord stiet twadde mei likefolle punten (19) as koprinner Ajax.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)