Demonstraasjes fan foar- en tsjinstanners opfang WTC Expo

16 okt 2015 - 12:29

Freedtemiddei fan ien oere ôf stiet der in wolkomstkomitee klear by it WTC Expo yn Ljouwert om flechtlingen wolkom te hjitten. De groep bliuwt de hiele middei op it terrein. Yn de rin fan freedtemiddei wurde de earste bussen mei flechtlingen ferwachte. Yn totaal wurde der 600 minsken opfong yn de evenemintehal. Sy bliuwe yn alle gefallen oant en mei de ein fan it jier.

Freedtejûn is der ek noch in demonstraasje by it WTC fan tsjinstanners. Dizze groep, 'Eigen Volk Eerst', ferwachtet in opkomst fan in pear hûndert minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)