Famke mei fyts en al yn 'e grêft treaun yn Ljouwert

16 okt 2015 - 12:04

De plysje siket tsjûgen fan in bysûnder foarfal tiisdeitemiddei oan de Over de Kelders yn Ljouwert. In 14-jierrich famke is dêr krekt nei fjouweren mei fyts en al de grêft yntreaun. It famke rekke lichtferwûne. Omstanners hawwe har út it wetter holpen.

De plysje siket de twa froulju dy't it famke yn it wetter treaunen. Dy soenen tusken de 18 en 25 jier âld wêze. Ien fan de dieders hie lang blond hier. De plysje nimt de saak heech op en fertinkt de froulju fan swiere mishanneling of skuld fanwegen deaslach.

Trefwurden: 
grêft Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)