Net folle klachten by Fryske VW-dealer Van den Brug

16 okt 2015 - 11:51

By VW-dealer Autoland Van den Brug krije se net in soad klachten yn ferbân mei it diselskandaal by Volkswagen. Dat seit direkteur Hans van den Brug. In oantal wiken lyn waard dúdlik dat de motoaren fan sa'n alve miljoen auto's útrist binne mei software dy't der foar soarget dat de útstjit minder skealik is by in kontrôle yn de garaazje.

Ien kear op 'e dyk jouwe dizze auto's wol wer in hegere, skealike útstjit. Van den Brug jout klanten dy't dêr om freegje sa goed mooglik útlis oer it probleem.

Neffens him is der oant ta mar ien klant dy't in bestelling fan in Volkswagen annuleard hat nei oanlieding fan it diselskandaal. Van den Brug seit noch net de witten wannear't de betreffende diselauto's werom moatte nei it fabryk om oanpast te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)