Bysûndere gitaar stellen by wenningynbraak yn Stiens

16 okt 2015 - 11:06

By in wenningynbraak oan de Dr. G. A. Wumkesstrjitte yn Stiens is ferline moanne in bysûndere gitaar stellen. It giet om in Steve Vai Flower gitaar. De ynbraak fûn plak tusken 16 en 18 septimber.

De plysje docht no in oprop op twitter om de gitaar werom te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)