Hurdere aksjes yn grutmetaal foar bettere CAO

16 okt 2015 - 10:11

De aksjes yn it grutmetaal wurde noch folle hurder, as de wurkjouwers net mei bettere arbeidsbetingsten komme. Dat is freedtemoarn sein op in gearkomste foar meiwurkers op It Hearrenfean. Neffens it fakbûn FNV giet it goed yn de sektor en hawwe de meiwurkers rjocht op in better salaris. Foar it lytsmetaal is der al wol in akkoart sletten.

Der komme yn de grutmetaal noch twa aksjesdagen yn it Noarden. Is der foar ein oktober gjin akkoart dan wurde de aksjes hurder, seit FNV-bestjoerder Anne van Dijk.

Sa'n 300 minsken yn de metaal sektor hawwe freed op 'e nij staakt. Se kamen byinoar yn Feanplaza by it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. De wurknimmers easkje 3 persint leansferheging wylst wurkjouwers mar oant oardel persint gean wolle. Njonken dat wolle se dat harren CAO moderner wurdt mei mear perspektyf foar jongeren. It is al de twadde staking yn koarte tiid yn Fryslân yn de metaalsektor. By de measte bedriuwen is de produskje folslein stillein, oare bedriuwen wurkje foar in part. De staking rekket bedriuwen as Hubert Starum, Accel op It Hearrenfean, Neopost Drachten en Barkmeijer yn Strobos.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)