Tryater-aktrise Tamara Schoppert slim blessearre rekke

16 okt 2015 - 10:01

In grutte tebeksetter foar aktrise Tamara Schoppert. Hast twa wiken foar de premjêre fan de jubileumfoarstelling Grûn fan Tryater hat se har achillespees skuord. De blessuere is sa slim dat har rol fan Marta oernaam wurdt troch Lysbeth Welling. Tryater sprekt fan in grutte teloarstelling mar is lykwols bliid dat se op koarte termyn in ferfanger fûn ha foar de fjouwer oeren duorjende foarstelling.

Welling is al úteinset mei de repetysjes. Grûn is spesjaal makke foar de grutte seal fan skouboarch De Lawei en giet 30 oktober yn premjêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)