Plan foar wrâldrestaurant Snits ôfsketten troch gemeenteried

15 okt 2015 - 23:10

It wrâldrestaurant foar 500 iters dat yn Snits komme soe, komt der net. Dat hat in grutte mearderheid fan de gemeenteried tongersdeijûn besletten. Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân seagen it restaurant wol sitten, mar de besteande hoareka yn Snits wie min oer de plannen te sprekken. De hoareka dêr hat it al swier, en sa'n grut restaurant derby soe dat allinne noch mar slimmer meitsje.

It restaurant hie yn de eardere Renaultgaraazje komme moatten, oan de Lorentzstrjitte.

Wat dêr no wol komme sil, is op dit stuit noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)