"Opfang flechtlingen yn Gerkeskleaster gie poerbêst"

15 okt 2015 - 20:25

De opfang fan flechtlingen yn Gerkeskleaster is poerbêst gien. Dat seit de gemeente Achtkarspelen. De 39 flechtlingen dy't ûnderbrocht wiene yn it gebou fan in eardere skoalle, geane freed nei it WTC-Expo yn Ljouwert.

Dat se it yn Gerkeskleaster goed hân ha, komt mei troch de gastfrije opstelling fan de ynwenners fan it doarp. Sa ha se guod ynsammele foar de flechtlingen en ha se sportaktiviteiten foar se organiseare. Boargemaster en wethâlders ha dêr in soad wurdearring foar, sizze se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)