Twadde Keamer hat soargen oer fargeul Lauwerseach

15 okt 2015 - 19:38

De VVD yn de Twadde Keamer makket him soargen oer de ekonomyske gefolgen fan de problemen mei de fargeul nei Lauwerseach. Troch fersâning fan de geul is de haven hieltyd dreger te berikken. Op termyn soene der hielendal gjin fiskersskippen mear de haven yn komme kinne.

De VVD wol no witte wat dat betsjut foar de ekonomy en foar it toerisme, en ek wat de mooglikke oplossings binne foar de minne berikberens fan de haven. Earder hat de provinsjale VVD-fraksje hjir ek al fragen oer steld oan Deputearre Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)